Meie wy ús efkes foarstelle?

Organisaasje- en cateringbedriuw Waal Friesland organisearret en fersoarget de catering foar bedriuwen, ynstellings, ferienings, mar ek yn ’e persoanlike sfear. Jo kinne dêrby ûnder oare tinke oan: bedriuwspresintaasjes, iepenings, bedriuwsútstapkes, feestjûnen, brulloften, jierdeis, buffetten, barbecues, hapkes en drankjes ensfh.

Boppedat kinne wy de hiele oanklaaiïng fan jo feest fersoargje: biertaps, koelkasten, tafels en stuollen, hjerringkarre ensfh.

Om sokke festiviteiten, grut of lyts, te organisearjen is saakkundichheid nedich.
Harkje nei jo winsken, oandacht foar jo situaasje: dat is de krêft fan ús bedriuw. Alle produkten wurde farsk en op ambachtlike wize klearmakke yn ús moderne bedriuwskeuken.

Us kontaktgegevens:

Telefoan: (0513) 499594
Faks: (0513) 498138
Mobyl: (06) 53383916
Buorren 1, 8525 EB Langwar
Of lit in berjocht efter

Wat kinne wy foar jo fersoargje?

Organisaasje- en cateringbedriuw WAAL FRIESLAND fersoarget jo catering op elk gebiet.